Noch wachtsje op tongblier-jild

05 des 2003 - 00:00

In tsiental Fryske bedriuwen wachtet noch hieltyd op in útkearing út it tongblier-needfûns. It giet om leanbedriuwen en agraryske bedriuwen dy't net rûme binne, mar wol skea hiene fan de tongblierkrisis.

Om't de Europeeske Kommisje yn Brussel noch gjin tastimming jûn hat, kin der noch gjin jild útkeard wurde. Nei alle gedachten wurdt yn jannewaris wol grien ljocht jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)