Noch twa Raarders yn sikehûs

14 jan 2013 - 13:44
  • Helpferlieners op it plak fan it ûngelok by Raard

Twa slachtoffers fan it ûngelok yn Raard lizze noch yn it sikehûs. Se rekken âldjiersnacht ferwûne doe't in frou út Dokkum mei har auto ynried op in groep Raarders dy't by it âldjiersfjoer stie te sjen. Santjin minsken rekken ferwûne. In 59-jierrige man ferstoar op nijjiersdei oan syn ferwûnings.

Alhoewol't út plysje-ûndersyk bliken dien hat dat it gie om in ûngelok, is der noch net in beslút naam oer oft de frou ferfolge wurdt. It Iepenbier Ministearje ferwachtet dat it noch in pear wiken duorret foardat dêr in beslút oer falt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)