Noch twa persoanen oanhâlden foar ynriden op plysjebiker

14 des 2015 - 12:09
  • De fyts fan de plysjebiker rekke swier skansearre

De plysje hat noch twa minsken oanhâlden foar it ynriden op in plysjeman op de fyts, sneontenacht yn Ljouwert. Earder waard al in 20-jierrige Ljouwerter oanhâlden. Derneist binne in 58-jierrige Ljouwerter en in 19-jierrige man út Stiens oanhâlden. Se wurde fertocht fan belutsenheid by de oanriding. Oft se ek yn de auto sieten, kin de plysje net sizze.

In automobilist ried yn it sintrum op twa plysjebikers yn, nei't dy in stopteken jûn hiene. De plysjeminsken koene krekt op tiid oan de kant springe, mar ien fan de fytsen rekke hielendal skansearre. De bestjoerder naaide dernei út. Ien fan de plysjes hat op de auto sketten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)