Noch twa pakt nei mishanneling

17 apr 2009 - 20:42

De plysje hat noch twa manlju oanholden foar de mishanneling ôfrûne snein fan twa ynwenners fan It Hearrenfean. De fertochten binne twa Feansters fan 25 en 30 jier. De plysje hie earder al twa oare ynwenners fan It Hearrenfean oanholden foar de mishanneling.

De fertochten hawwe de beide slachtoffers swier mishannele. Se waarden sûnder oanlieding ynelkoar slein en skopt, ek doe't se al op de grûn leine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)