Noch twa kandidaten yn de race foar trochstart De Sionsberg

23 des 2014 - 15:12
  • De Sionsberg

Der binne noch twa kandidaten yn de race foar in trochstart fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum. Dat ha de kurators bekend makke. Der wiene yn totaal tsien kandidaten, mar acht binne yntusken ôffallen. Neffens de kurators binne de twa dy't oerbleaun binne beide renomearre kandidaten, dy't bekend binne mei de eksploitaasje fan sûnenssintra. Se ha beide de fokus op medyske soarch foar âlderen. Der wurdt útgien fan in nauwe gearwurking mei húsdokters en it ferpleechhûs.

De kandidaten krije no de gelegenheid om de plannen fierder út te wurkjen.

De hoop is dat der foar 12 jannewaris in trochstart plakfine kin. Op dy datum hâlde de kurators op mei de ekspoitaasje fan sikehûs De Sionsberg.

Lês hjir it parseberjocht

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)