Noch tsien relskoppers socht

31 aug 2009 - 10:25
  • Identiteit 11 'supporters' yntusken fêststeld

De plysje siket noch tsien minsken dy't belutsen wiene by de rellen nei de wedstryd fan Cambuur tsjin Roda JC, begjin juny. Fan alve oare supporters is de identiteit yntusken bekend. De plysje sette ôfrûne tongersdei 21 foto's fan relskoppers op de webside dadergezocht.nl. Nei oanlieding dêrfan kamen hast hûndert tips binnen.

As de identiteit fan 'e tsien supporters tiisdei noch net bekend is, komme de foto's dy dei yn it televyzjeprogramma Opsporing Verzocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)