Noch trije opsjes foar Heak

19 feb 2004 - 00:00

It wurdt stadichoan dúdlik wêr't de Heak om Ljouwert lâns rinne moat. Fan tsien opsjes binne der noch mar trije oer. De nije dyk moat de Wâldwei en de N31 tusken Ljouwert en Harns mei inoar ferbine.

De gemeenten Ljouwert, Littenseradiel, Menameradiel en de provinsje sille yn april har foarkar foar it trasee útsprekke. De Heak om Ljouwert is needsaak om de stêd en de Westergo-sône better berikber te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)