Noch in soad ljippen yn Fryslân

04 des 2015 - 17:47
  • Ljip

Der binne yn dizze tiid fan it jier noch in opfallend tal ljippen yn Fryslân te finen. Op ferskate plakken binne der noch hiele kloften te sjen. Meastentiids binne de ljippen yn desimber allang fuort nei waarmere streken. Neffens Jan Jelle Jongsma fan it Fryske Gea is it net frjemd dat de ljippen der noch binne.

Fanwege it waarme waar is der genôch iten te finen en kinne se it hjir folle langer úthâlde as gewoanwei. Ek oare fûgels bliuwe langer yn Fryslân as yn it ferline mei kâldere winters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)