Noch soad klachten oer ûntfangst

23 des 2006 - 11:44

De ûntfangst fan digitale tillevyzje yn Fryslân is noch hieltyd min. By CDA-Twadde Keamerlid Joop Atsma komme in soad klachten binnen oer de ûntfangst.

Foaral yn de Stellingwerven is dat noch net goed regele. Ek is der noch in grut tekoart oan dekoders. Atsma fynt dat KPN, it bedriuw dat soargje moat foar it digitale sinjaal, de saak ûnderskatten hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)