Noch soad kaarten beskikber by iepeningsjûn fan WK ôfstannen

10 feb 2015 - 17:28
  • Reedriden

Der binne noch in soad kaarten beskikber foar de iepeningsjûn fan it WK ôfstannen tongersdeitejûn yn Thialf op It Hearrenfean. Fan de 10.000 beskikbere plakken binne der op dit stuit noch mar sa'n 3000 ferkocht. Foar de freed binne oant no ta in dikke 7000 kaarten ferkocht.

De sneon rint it bêst mei 9000 ferkochte plakken. Op snein, de lêste dei fan it reedrydtoernoai, kinne der noch sa'n 3000 minsken by yn it iisstadion. It WK ôfstannen is foarearst it lêste toernoai op It Hearrenfean. Fan moandei ôf begjint de grutte fernijbou fan Thialf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)