Noch soad fragen oer Sionsberg

19 jan 2012 - 19:22
  • De Sionsberg

De ynspeksje foar de sûnenssoarch hat noch in soad fragen by it takomstplan fan sikehûs de Sionsberg yn Dokkum. Dat die tongersdei bliken by oerlis tusken sikehûs en de ynspeksje yn Utrecht.

It sikehûs hat noch hast in wike ekstra nedich, foardat it plan oan it personiel presintearre wurde kin. De Sionsberg soe tongersdei it definitive plan presintearje foar it sluten fan fjouwer ôfdielings wêrûnder de akute help, ferloskunde en kardiology, mar dat koe net trochgean.

Neffens De Sionsberg hat de ynspeksje noch gjin oardiel jûn oer it plan, mar de oanfoljende fragen jouwe gjin oanlieding om te tinken dat it plan hielendal noch oars moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)