Noch in plysjeman ferwûne

23 jan 2012 - 10:42

Der is it ôfrûne wykein noch in plysjeman ferwûne rekke. Yn Dokkum bruts in plysje freedtejûn de hân by de oanhâlding fan in 42-jierrige Dokkumer. Hy wie mei in kollega by de Dokkumer delgien, om't er boetes net betelle hie. Der ûntstie in wrakseling, dêr't de freondinne fan de man har ek mei bemuoide. De plysjes wisten de man úteinlik te pakken. Dêrby bruts ien fan harren de hân.

Yn Kollum rekke dit wykein in plysje út de tiid by in mishanneling en yn Boalsert waard geweld tsjin plysjes brûkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)