Noch plannen fierljeppen op TV

25 okt 2006 - 10:14

Ynkoarten moat bekend wurde oft it fierljeppen útstjoerd wurdt op de lanlike televyzje. SBS6 hie alris fiergeande plannen om wat te dwaan mei de Fryske sport.

Neffens de nije foarsitter fan it Nederlânske Fierljepbûn, Pieter Bult, ûndersiket SBS op it stuit noch de mooglikheden. Dat dogge se nei oanlieding fan proefopnames. Dêrnjonken is der ek in opsje om in sponsorkontrakt ôf te sluten mei SBS6.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)