Noch pear kaarten fan 'Alles út'

11 sep 2006 - 16:35

Minsken dy't de foarstelling 'Alles út' ('The Full Monty') fan it Iepenloftspul Jorwert noch sjen wolle, moatte fluch wêze. Der binne allinnich noch kaarten foar tiisdei 12, woansdei 13 en tiisdei 19 septimber (frouljusjûn) te keap.

De oare foarstellings binne útferkocht. Kaarten kinne kocht wurde by in oantal fêste ferkeapadressen en fia www.jorwert.nl of www.teletickets.nl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)