Noch oerlêst guozzen op Skylge

04 jul 2008 - 12:48
  • Skylge noch hieltyd oerlêst fan guozzen

Der binne oanfoljende maatregels nedich om de oerlêst fan skiere guozzen op Skylge tsjin te gean. De fûgels gean net fan it eilân ôf, sa as oare guozzen dy´t der oerwinterje. Se soargje it hiele jier troch foar oerlêst. Se frette it boerelân keal en skite de boel ûnder.

Fan ´t maaitiid binne wol aaien skodde, sadat se net útkamen. Fan it plan om dizze simmer 250 guozzen ôf te sjitten op guon plakken is net folle kaam. It wie te drok mei toeristen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)