Noch net útspraak saak K'tille

14 nov 2008 - 15:53

De 44-jierrige fertochte fan de deadlike sjitpartij earder dit jier yn Koatstertille, moat op 27 novimber wer foar de rjochter ferskine. Mar omdat noch net alle rapportaazjes klear binne, giet it hjir om in saneamde pro-formasaak wêryn de rjochter noch gjin útspraak dwaan sil.

By de sjitpartij yn febrewaris kaam de 36-jierrige Murkje de Vries om en rekken twa oaren swier ferwûne. It Iepenbier Ministearje hie 30 jier selstraf tsjin de fertochte easke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)