Noch net goed plan Blomketerp

17 nov 2006 - 07:39

De gemeenteried fan Frjentsjerteradiel is teloarsteld oer de gong fan saken rûn de ynrjochting fan sportkompleks Blomketerp yn Frjentsjer.

It kolleezje krige dit foarjier de opdracht fan de ried om ûndersyk te dwaan om alle bûtensportaktiviteiten by elkoar te bringen op Blomketerp. Yn de riedskommisje fan tongersdei die bliken dat der noch net in plan is. Wethâlder Bonnema hat tasein binnen 3 moanne mei in goed plan te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)