Noch net alle miljoenen binnen

26 des 2013 - 11:57
  • De trije DJ's op it poadium fan it Aldehoustertsjerkhôf

It is dreech om te kontrolearjen oft al it taseine jild foar Serious Request ek echt binnenkomt. Dat seit in wurdfierster fan it Reade Krús. It Reade Krús krijt dit jier it bedrach fan 12,3 miljoen euro dat yn Ljouwert by elkoar brocht is foar de stjerte troch diarree by bern. In grut part fan dy opbringsten stiet noch net op rekken fan it Reade Krús.

It Reade Krús haldt goed in de gaten oft en wannear dat oermakke wurdt, al is dat net maklik. Organisaasjes dy't it jlid net of oan de lette kant oermeitsje krije in herinnering.

Ferline jier kaam it taseine bedrach nei ferrin fan tiid wol binnen. It waard doe sels noch in bytsje mear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)