Noch net alle dupearren fallite sylskoalle ha jild werom

01 des 2014 - 16:22

De kompensaasjeregeling fan Beleef Fryslân rint achter op skema. Alle 2000 dupearren fan de fallite organisaasje Zeilschoolonline.nl soenen foar oktober har jild werom ha. Mar dat is net slagge. De sylskoalle gie yn juny fallyt. De minsken dy't har opjûn hienen foar in sylkursus, wienen harren jild kwyt, mar ek de fakânsje.

Omdat dit gjin goeie reklame foar Fryslân wêze soe, kamen de provinsje, de oare Fryske sylskoallen en Beleef Fryslân yn aksje. Se stoarten fjouwer ton yn in fûns.

Ek waard regele dat de bern op in sylskoalle yn Fryslân telâne koenen. In oantal Fryske sylskoallen hie lykwols wat langer tiid nedich om it bedrach op tafel te krijen. Neffens direkteur Loek Hogenhout fan Beleef Fryslân komt it goed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)