Noch minder Frysk yn FD

14 aug 2002 - 00:00

It Friesch Dagblad is fan doel om minder Frysk te brûken. De oanlieding hjirfoar is de edysje Westerkwartier, dy't de krante earder dit jier begûn is. Dizze edysje rjochtet him op it westen fan 'e provinsje Grinslân.

Neffens haadredakteur Kooistra krijt de krante in soad klachten oer Frysktalige stikken. De besteande Fryske rubriken yn 'e Sneinspetiele bliuwe wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)