Noch mear winst foar Accell

07 nov 2003 - 00:00

De winst fan fytsekonsern Accell fan It Hearrenfean sil dit jier 25 persint heger wêze as ferline jier. Dat makke de direksje fan it bedriuw freed bekend. By de presintaasje fan de healjier-sifers gie it bedriuw noch út fan in winsttaname fan tusken de 12 en 20 persint. Neffens finansjeel direkteur Sybesma hat de groei benammen te krijen mei de waarme simmer. Accell makket ûnder oare de merken Batavus, Koga Myata en Sparta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)