Noch mear testspilers Cambuur

28 maaie 2008 - 11:46

Sportclub Cambuur hat woansdei yn ´e lêste oefenwedstriid fan dit seizoen twa ferdigeners op proef. It giet om John_van_Dalen fan BV_Veendam en Sander_Fischer fan NAC_Breda.

De 22-jierrige Van_Dalen spile oant no ta 42 wedstriden foar Veendam. As it by Cambuur net slagget, giet er mooglik nei Harkemase_Boys. Fischer is 19 jier en spile dit jier by de beloften fan NAC_Breda. Hy mocht dit jier ien kear meidwaan mei it earste, as ynfaller.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)