Noch mear tekoart Boarnsterhim

20 maaie 2009 - 10:28
  • Boarnsterhim is noch mear kwyt oan ûnderhâld fan diken en brêgen

It tekoart yn ûnderhâld by de gemeente Boarnsterhim yn ûnder oare brêgen en diken is oprûn nei sa'n 34 miljoen. Dêrneist is der alle jierren noch in tekoart fan 3,5 miljoen foar it deistich ûnderhâlden fan dy brêgen en diken, dat docht bliken út eigen ûndersyk fan de gemeente.

De gemeente kaam der ek achter dat se sa'n 40 brêgen mear hawwe as tocht. Hoe't dit ûnderhâldstekoart oplost wurde moat wurdt yn de kommende moannen ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)