Noch mear goud EK shorttrack

29 jan 2012 - 17:41
  • Daan Breeuwsma

It Nederlânsk manljus- en frouljusshorttrackteam binne yn Tsjechië opnij Europeesk kampioen wurden op it ûnderdiel ôflossing. Beide ploegen wienen al regearend kampioen by de relay. By de manlju wienen de Friezen Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma mei ploechgenoaten Niels Kerstholt en Freek van der Wart de rapsten op de 5000 meter. Ruslân waard twadde, foar Dútslân en Ingelân. By de froulju bleaunen Annita van Doorn, Jorien ter Mors en de suskes Yara en Sanne van Kerkhof Italië, Hongarije en Dútslân foar op de 3000 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)