Noch mear boubedriuwen fallyt

28 nov 2012 - 15:37
  • Bou

Der geane de kommende twa jier noch hûnderten oannimmers fallyt. Ek yn Fryslân sille in soad slachtoffers falle. Dat skriuwt it Economisch Instituut Bouw yn in rapport dat woansde ferskynd is. Der wurdt praat oer mear as 20.000 wurknimmers dy't op strjitte komme te stean.

Neffens Bouwend Nederland wurdt de ellinde foar in part troch it belied fan it regear feroarsake. Der wurdt sa bot besparre dat der net mear ynvestearre wurdt yn de bou en dat moat krekt al.

Fierder binne der folle minder learling-boufakkers en dat betsjut minder faklju yn de takomst

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)