Noch mar 70 op Grinzerstrjitwei

06 apr 2005 - 12:28

Der mei yn de takomst noch mar 70 ynstee fan 100 kilometer yn 'e oere riden wurde op de Grinzerstrjitwei, oan de eastkant fan Ljouwert. Dat hawwe de gemeente en de provinsje bepaald. De maatregel wurdt ynfierd omdat de dyk nei it bebouwen fan de Bullepolder yn in wengebiet leit.

It karakter fan de Grinzerstrjitwei wurdt ek op oare manieren oanpast. Sa wurde de flechtstroken fuorthelle en komt der beplanting yn de middenberm.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)