Noch kâns op jild foar Tryater

23 nov 2004 - 15:51

Tryater sjocht dochs noch kâns op stipe fan it Ryk. De Twadde Keamer wol fiif miljoen euro mear beskikber stelle foar de keunsten. Dêrmei soene hast alle besunigingen foar de keunstesektor fan de baan wêze. Op 23 desimber falt it úteinlike beslút.

Tryater krijt al stipe fan de provinsje en it Noordelijk Convenant. Beide ha 50.000 euro tasein. Dêrmei kin in spiler oannaam wurde. Mooglik komme der ekstra fûnsen foar jeugdteater.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)