Noch ien wike foar it nije lûd: Jacob jout wekkers wei

23 feb 2015 - 06:00
  • Jacob Stelwagen presintearret 'Fryslân fan 'e moarn'

Oer presys ien wike begjint de nije radioprogrammearring fan Omrop Fryslân. Moarns tusken 6 en 9 oere is dan op wurkdagen it nije moarnsmagazine 'Fryslân fan 'e moarn' te hearren. It lûd op de betide moarn is lykwols net ûnbekend: Jacob Stelwagen presintearret it programma: "Al in jier as acht bin ik wend om der betiid ôf te kommen. De wekker om in oere as 4.00, foar de measte minsken in ûnkristlike tiid, mar betiid presintearje is foar my it moaiste dat der is. It nijs is noch farsk en je witte dat in protte minsken mei de Omrop wekker wurde."

It Fryske nijs bliuwt in wichtich ûnderdiel fan it moarnsprogramma, mar 'Fryslân fan 'e moarn' is mear as allinnich in nijsprogramma: "Ik bin der hiel wiis mei dat der alle dagen wer in kollumnist is. Eelke Lok, dy't it al in oantal jierren dien hat, komt werom op woansdei. Oare nammen dy't ik ferklappe mei, binne Bart Kingma, Nynke van der Zee, Nynke Sietsma en Willem Schoorstra." Nij is ek it ûnderdiel 'De Meunsternimmers'. "Der is alle dagen safolle nijs, dat guon ûntjouwings maklik ûndersnije. Ik belje tenei mei in ferskaat oan nijsfolgers en nijsmakkers dy't fertelle wat har persoanlik opfallen is yn it nijs. Dat mei fan alles wêze. In moai televyzjeprogramma, in opfallende útspraak op de radio of allinnich mar in moai wurd yn in krantekop."

It is de bedoeling dat 'Fryslân fan 'e moarn' echt in oar programma wurdt as Omrop Fryslân Aktueel. Mear ferskaat, in oare toan. Ferkearsynformaasje op fêste punten, mear omtinken foar oare ferhalen út de kranten as allinnich dy op de foarside. In moai foarbyld dêrfan is ek de nijskwis Ut 'e tiis. "Alle dagen is der in fragmint, mei dêryn in oantal ûnderwerpen trochelkoar. It kinne der trije wêze, mar miskien ek wol fjouwer of fiif. Wa't de measte ûnderwerpen beneame kin, is de winner." En fansels is der dan in passende priis: "De Omrop Fryslân-wekker!"

Fryslân fan 'e moarn: Moandei o/m freed, tusken 06:00 en 09:00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)