Noch ien kear sykje nei bom

17 jun 2002 - 00:00

De bisteklinyk oan 'e Ljouwerter Jelsumerstrjitte moat der moandei spesjaal earder foar ticht: de jûns wurdt foar de lêste kear nei in bom út de Twadde Wrâldoarloch socht. Eins hie de syktocht freed al klear wêze moatten, mar se krige it net ôf.

De syktocht nei de bom duorret no al fjirtjin dagen. De plande nijbou fan 'e GGZ rint dêrtoch fertraging op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)