Noch ien kear jild Blomketerp

06 des 2012 - 16:28
  • Swimbad Blomketerp

De trije koalysjepartijen yn de ried fan Frjentersteradiel binne net fan doel foar ien kear 115.000 euro oan swimbad Bloemketerp te jaan. Gemeentebelangen Frjentsjerteradiel, PvdA en VVD binne wol ree om de stifting dy't it swimbad in jier ferlyn kocht hat in liening te jaan. De trije partijen tsjinje dêr tongersdei op in riedsgearkomste in amendemint foar yn. De stifting Eksploitaasje Swimbad Bloemketerp hat de gemeente foar ien kear frege om in bydrage fan 115.000 euro fanwege ekploitaasje-tekoarten.

De jildpine is ûnstien troch hege enerzjykosten en minder bern dy't swimlessen yn it bad folgje. It doel fan de gemeente wie om fan 2013 jier ôf gjin bydragen mear oan it swimbad te jaan. No't der in grut probleem is wol it kolleezje it swimbad noch ien kear 115.000 euro jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)