Noch ien fertochte saak Koudum

14 jan 2010 - 12:38

De 22-jierrige man út Warns dy't tiisdei oppakt waard omdat er belutsen west ha soe by it fjoerwurkynsidint yn Koudum, is frijlitten. De man hat neat mei de saak te krijen, hat ûndersyk útwiisd. De Warnser is ek gjin fertochte mear. In 23-jierrige man út Harich sit noch wol fêst.

By it ynsidint op 2 jannewaris by De Klink yn Koudum waard fjoerwurk yn in groepke minsken smiten. In 16-jierrich famke moat dêrtroch har rjochtereach misse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)