Noch hoop by Frisse Wind

03 jan 2013 - 12:01
  • De gemeenteried fan Harns

It bestjoer fan Frisse Wind hopet noch altyd op in oplossing yn it konflikt tusken de fraksje fan Frisse Wind en de gemeenteried. Der is foar nije wike in gearkomste ôfpraat tusken it bestjoer en de fraksje. De trije leden fan Frisse Wind binne it ôfrûne healjier net mear yn de gemeenteried ferskynd omdat se, seit de fraksje, mei in ûndersyk nei de REC fan Omrin dwaande binne. Boargemaster Sluiter hie it yn syn nijjierstaspraak oer de politike situaasje yn Harns.

Sluiter sei dat er de situaasje 'onverteerbaar' fynt en dat de demokrasy sa net funksjonearje kin. Ton van der Plas, foarsitter fan it bestjoer fan Frisse Wind, begrypt net wat de boargemaster bedoeld mei syn útspraken. Hy sjocht noch wol ljocht yn de tunnel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)