Noch hieltyd striid oer de publikaasje fan Frysk Lieteboek

17 apr 2015 - 11:53

It is noch hieltyd net dúdlik oft de presintaasje en útjefte fan it nije Fryske Lieteboek foar de tsjerken kommend wykein wol trochgiet. Guon auteurs meitsje beswier tsjin de bewurking en oersetting fan harren liet en wolle net dat it boek ferkocht wurdt.

De útjouwer BV Liedboek en de beswiermakkers gean freedtemiddei fierder mei harren oerlis oer de kwestje. Mochten de partijen der net útkomme, dan stappe de beswiermakkers nei de rjochter om in skeakleem yn te tsjinjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)