Noch hieltyd fertraging op N31

15 okt 2013 - 07:27
  • In frachtwein mei jirpels kantele by Surch

De rjochterrydstrook en de flechtstrook fan de N31 yn de rjochting fan Harns binne tiisdeitemoarn noch ôfsletten. Dat meldt de Verkeers Informatie Dienst. Moandeitemiddei kantele op de dyk in frachtwein mei ierappels. De lading bedarre op de dyk. Boppedat lekte der 300 liter disel op de dyk en yn de berm. Dy moast ôfgroeven wurde.

Der is de hiele nacht wurke om de boel wer skjin te meitsjen. Rykswettersteat besjocht tiisdeitemoarn de skea. Yn elts gefal moat it asfalt wersteld wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)