Noch hieltyd ferlet fan FSU

23 mrt 2007 - 21:48

Der is noch hieltyd ferlet fan it FSU, it Fries Samenwerkingsverband Uitkeringsgerechtigden.

Dat komt omdat in soad útkearingsgerjochtigen ferdwale yn it bosk fan regels út Den Haach. Sy krije fergees help fan de mear as 140 frijwilligers fan de organisaasje, dy't 25 jier bestiet. By de 20 stipepunten yn Fryslân komme gemiddeld mear as hûndert minsken yn de wike.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)