Noch hieltiid klachten oer WMO-ferfier It Hearrenfean

29 jan 2016 - 17:23
  • Taksy

It giet noch altiten net goed mei it WMO-ferfier op It Hearrenfean. Dat sizze minsken dy't fan it spesjale ferfier gebrûk meitsje. In healjier lyn is al in swartboek oanbean mei mear as tachtich klachten. De measte problemen binne net ferholpen.

Taksybedriuw Witteveen, dat it ferfier docht, makket in soad flaters, sizze de WMO-klanten. Ritten duorje bytiden ekstreem lang. Ek komme der taksys dy't net geskikt binne foar de minsken dy't der mei reizgje moatte. Dat docht bliken út in nij swartboek, makke troch in aksjegroep.

Yn it swartboek stiet ek it ferhaal fan in frou dy't ferwûne rekke trochdat de taksysjauffeur har net holp om yn de taksy te kommen. In man foel mei rolstoel en al achteroer omdat er net goed holpen waard. Moandei wurdt it nije swartboek oan de gemeente oanbean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)