Noch gjin WK-ticket Wolfslag

21 jul 2013 - 17:11
  • Miranda Wolfslag

Judoka Miranda Wolfslag fan Ljouwert is der noch net yn slagge om har te kwalifisearjen foar it WK yn Rio de Janeiro. By de wrâldbekerwedstriid yn Moskou einige de judoka as sânde, op likense hichte as har konkurrinte Birgit Ente. Om har rjochtstreeks te pleatsen foar Rio moast Wolfslag heger einigje as Ente.

Wolfslag kaam yn Moskou net fierder as de kwartfinales. Dêryn gong de judoka út Ljouwert mei in ippon ûnderút tsjin de Finse Jaana Sundberg. De herkansing tsjin Roni Schwartz út Israel wist Wolfslag ek net te winnen.

It is noch net bekend wa fan beide froulju it WK-ticket foar Rio krije sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)