Noch gjin Wajongers by AB

24 jul 2009 - 18:59

Agrarysk útstjoerburo AB Fryslân kin foarearst noch gjin jonge arbeidshandikapten ynsette. AB woe graach mei dizze groep oan de slach en hie derfoar in oanfraach yntsjinne by it UWV en it ministearje.

Hoewol't de reaksje posityf wie is der in flater makke yn de proseduere en derom moat der opnij in oanfraach dien wurde. Dertroch rint it projekt inkele moannen fertraging op. AB hopet no yn septimber folslein los te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)