Noch gjin testtastellen JSF

23 apr 2009 - 19:48

De koälysjepartijen yn de Twadde Keamer wolle dat pas takom jier besletten wurdt oft Nederlân meidocht oan de testfaze fan de JSF. In folgjend kabinet soe in definityf beslút oer de ferfanging fan de F16 nimme moatte. Dat hat PvdA- fraksjefoarsitter Hamer sein.

De koälysjepartijen CDA, PvdA en CU wizigje hjirmei de data yn it regearakkoart. It kabinet stipet de oplossing. Hjirmei is in krisis fan de baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)