Noch gjin stânpunt oer waadgas

07 apr 2004 - 00:00

Deputearre Steaten hawwe noch hieltyd gjin stânpunt ynnommen oer de gasboarrings yn de Waadsee. Tiisdei is troch DS de hiele dei fergadere oer it rapport fan de kommisje-Meijer dat foarige wike presintearre waard. Dêr stiet yn dat der gjin ekologyske beswieren binne tsjin gasboarrings. DS wiene oant no ta altyd tsjin boarrings.

DS prate tiisdei fierder. DS fan Grinslân besleaten tiisdei nei lang oerlis tsjin boarjen te bliuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)