Noch gjin spoar fan Nathalie

16 jun 2009 - 11:59
  • Nathalie Kuiper noch altyd fermist

De plysje hat noch hieltyd gjin idee wêr't de fermiste Nathalie Kuiper is. Der binne wol in pear reaksjes binnenkaam op it opspoaringsberjocht fan ôfrûne wykein. Der is noch neat konkreets útkaam.

De 14-jierrige Nathalie gie op 4 juny fanút in soarchynstelling yn Winschoten nei har skoalle yn Smilde. Dêr is se net oankaam. De plysje tinkt dat Nathalie fuortrûn is en dat se mooglik yn de omkriten fan Easterwâlde is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)