Noch gjin spoar fan kontainers

10 nov 2007 - 16:52

Der is noch altyd gjin spoar fan de 45 kontainers dy't freed op de Noardsee mei de stoarm fan it skip de Antares waaid binne. De kustwacht hie sneon in sykaksje opsetten mei in fleantúch en in helikopter. Dy aksje is middeis stilsetten. De kustwacht fan Dútslân gie wol troch mei sykjen.

Ut foarsoarch is der in sleepboat stjoerd nei de skipfeartrûte boppe Skiermûntseach. Dy kin skippen helpe as se botse mei ien fan de kontainers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)