Noch gjin sosjaal plan Romein

05 mrt 2011 - 11:17

Foar de santjin wurknimmers fan Romein Beton op De Gordyk is noch gjin sosjaal plan. De fakbûnen komme der net út mei it bedriuw. Brekpunt is de hichte fan de ûntslachfergoeding. De bûnen fine it noch te betiid foar aksje. Se sille no earst oerlizze mei de leden.

Ein jannewaris waard dúdlik dat de festiging fan Romein beton op De Gordyk tichtgiet. It bedriuw sit yn swier waar, omdat de wenningbou noch altyd bot lêst hat fan de krisis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)