Noch gjin sosjaal plan bank

07 maaie 2009 - 09:12
  • Noch gjin oerienstimming oer sosjaal plan Friesland Bank

De meiwurkers fan de Friesland Bank en de direksje binne it noch hieltyd net iens oer it sosjaal plan. De Ried fan Bestjoer wol 250 banen skrasse en acht kantoaren slute.

Woansdei organisearren de fakbûnen in byienkomst oer de ynhâld fan it sosjaal plan. Dêr kamen 150 minsken op ôf. Dy meiwurkers hawwe der benammen in probleem mei dat guon minsken der hûnderten euro's op achterút geane. Feroaret dat net, dan folget mooglik aksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)