Noch gjin sicht op MFC Menaam

29 okt 2014 - 22:52

Der is noch gjin sicht op in MFC of in doarpshûs yn Menaam. Doarpsbelang hie woansdeitejûn in 'brainstorm'-gearkomste útskreaun mei alle ferienings. Der is ôfsprutsen dat se op 20 novimber nochris by mekoar komme en dan in wurkgroep gearstalle.

Doarpsbelang hie de gearkomste útskreaun omdat in pear ferienings gjin ûnderdak mear hawwe, omdat it aktiviteitesintrum De Weme en kafee The Black Horse tichtgien binne. Fierder wurdt der ek noch praat mei de eigeners fan beide bedriuwen oft dy noch wat foar de ferienings betsjutte kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)