Noch gjin sicht op 1e ljipaai

18 mrt 2013 - 16:41
  • Ljipaai

It earste ljipaai fan Fryslân soe wolris yn de lêste wike fan it seizoen fûn wurde kinne. It seizoen ferrint dit jier útsûnderlik kâld, mei in protte snie en nachtfroast. Ek dizze wike friest it noch en dat wylst de deadline fan 1 april, de offisjele eindatum fan it aaisikersseizoen, stadichoan tichterby komt. De echte aaisikers binne noch net yn it lân, want it is stil yn de greiden. De situaasje fan dit jier is lykwols net útsûnderlik en it seizoen is noch net ferlern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)