'Noch gjin septic tank oanlizze'

04 des 2003 - 00:00

Bewenners fan it bûtengebiet dy't net op it rioel oansletten binne, moatte foarearst noch gjin septic tank of lyksoartige foarsjennings oanlizze. Dat advys jout lânbou-organisaasje NLTO. Dy riedt minsken oan om te wachtsjen oant der mear dúdlikheid komt oer in mienskiplike oanpak fan de ôffalwetter.

Minsken dy't net oansletten binne op it rioel, moatte dêr foar 2005 in oare oplossing foar fine, bygelyks troch sa'n opslach-tank oan te skaffen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)