Noch gjin resultaat sykaksje

22 jan 2006 - 12:20

De sykaksje nei de fermiste Remco Wouda fan de Lemmer, hat sneon gjin definityf útslútsel jûn. De plysje socht mei spesjale hûnen, dy't ek ûnder wetter stoflik omskot rûke kinne. Dy sloegen alle trije oan op it selde plak. Mar om't it doe al tsjuster wie, is besletten om pas moandei te dûken.

Wouda is tsien dagen lyn foar it lêst sjoen. Hy wie oan it wurk op in ponton op kamping Scharstijn yn Boarnsweach. Hy gie nei it húske en kaam nea werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)