Noch gjin punten foar Drachtster Boys

17 okt 2015 - 17:17

Drachtster Boys hat nei 5 wedstriden noch altyd gjin punten pakt. Yn Vriezenveen gong de ploech mei 3-2 ûnderút tsjin promovendus DOS '37. Yn Vriezenveen brocht Aboubacar Doumbia de Boys op foarsprong. Lang koene de Drachtsters lykwols net bliid wêze, noch gjin minút letter wie de lykmakker in feit. Foar rêst kaam de thúsploech op 2-1.

Nei it skoft soarge Sicco Bouwer foar de swierbefochten lykmakker, mar op 'e nij kaam DOS '37 op foarsprong. Yn de slotfaze waard de Boys in strafskop ûntholden troch in flater fan de skiedsrjochter.

Troch it ferlies stiet Drachtster Boys noch altyd puntleas ûnderoan yn de haadklasse C.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)