Noch gjin produksje by Lypack

06 des 2011 - 11:38

It kin noch wol oant trije wike duorje foardat yn fabryk Lypack yn Ljouwert wer molkpoeier makke wurdt. Yn in silo fan it fabryk yn Ljouwert wie moandeitejûn in eksploazje. Der foelen gjin ferwûnen, mar de brân- en wetterskea wie grut.

De fabrykshal wurdt no, de dei nei de brân, skjinmakke. De fabryksarbeiders hawwe de kommende tiid frij, mar op kantoar wurdt hurd wurke om taleveringsbedriuwen en klanten oer de hiele wrâld op de hichte te bringen en om saken te regeljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)